Wy ferwolkomje dyn bern graach op bernedeiferbliuw Bernefleur!
Bernedeiferbliuw Bernefleur is in opfanglokaasje foar bern fan 0 oant 4 jier yn Balk. Op dit bernedeiferbliuw binne ferskillende mooglikheden yn opfang. Der kin gebrûk makke wurde fan hiele, heale en fleksibele dei-opfang. Wy biede de bern leafdefol omtinken en feilichheid, wy jouwe se de romte om har te ûntwikkeljen, mar stimulearje foaral om te boartsjen en bern te wêzen. Dat is wat se by ús wêze meie. Wy sette harren ferletten op it earste plak. Wy wurkje mei in twatalich belied; sawol it Frysk as it Nederlânsk krije omtinken by ús. Wy folgje dêrby de rjochtlinen dy’t hearre by it troch ús behelle sertifikaat “boartsjendewei in taal derby”.



