Wy ferwolkomje dyn bern graach by de pjutte-opfang!
Pjutte-opfang (eartiids pjutteboartersplak) is spesjaal foar bern tusken de 2 en 4 jier. Bern kinne twa deidielen yn ’e wike komme te boartsjen. As bern grutter wurde, groeit de wrâld om harren hinne ek. Se hawwe der ferlet fan om harren omjouwing te ûntdekken. De pjutte-opfang is dan in aventoerlik plak, hielendal rjochte op ’e ûntwikkeling fan bern. Feilich, freonlik en stimulearjend. Wy biede ek Foar- en Ierskoalske Edukaasje (VVE) om ûntwikkelingsefterstannen by bern fan 2,5 oant 4 jier tefoaren te kommen. Fierder wurkje wy mei in twatalich belied; sawol it Frysk as it Nederlânsk krije omtinken by ús. Wy folgje dêrby de rjochtlinen dy’t hearre by it troch ús behelle sertifikaat “boartsjendewei in taal derby”.



