Oer de lokaasje
Wolkom by pjutteboartersplak ‘It Skarrelspultsje’. Basisskoalle It Skarrelspultsje leit yn Wommels. De lokaasje biedt opfang foar bern fan 2 oant 4 jier. De opfang is alle dagen iepen fan 08:15 oant 12:15. Bern kinne 2 oant 5 moarnen komme boartsje. Us lokaasje is unyk om’t wy yn in Mienskipsskoalle sitte tegearre mei ûnder oaren twa basisskoallen. Dit makket it kontakt mei beide skoallen makliker en de oergong nei Groep 1 soepeler. It is ek prachtich dat wy tegearre mei de basisskoallen aktiviteiten mei de pjutten ûndernimme kinne, en sa in soad foar elkoar betsjutte kinne. Dit alles komt it kontakt mei âlden en bern ten goede.
By dizze pjutteboartersplak biede wy it programma Foarskoalsk Underwiis (VE) Uk & Puk oan. VE is in programma dat jonge bern helpt har te ûntwikkeljen op ferskate gebieten, lykas taal, rekkenjen, beweging en sosjale feardigens. Wy wurkje binnen tema’s dy’t relevant binne foar de wrâld fan jonge bern. Troch dizze tema’s leare de bern op in spielerige manier nije dingen. Dit jout struktuer oan it deistige skema en stimulearret de ûntwikkeling fan ‘e bern.
Fierder wurkje wy mei in twatalich belied; sawol it Frysk as it Nederlânsk krije rjochte oandacht. Dêrby folgje wy de rjochtlinen dy’t ferbûn binne mei it sertifikaat “Boartsjendewei in taal derby” dat wy helle hawwe. Wy krije stipe foar ús twatalich belied fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Jo kinne hjir mear ynformaasje fine oer it SFBO.
It Skarrelspultsje is een hele fijne plek waar kinderen mogen groeien en bloeien en zich op eigen tempo verder kunnen ontwikkelen; met zeer betrokken, lieve en kundige medewerkers!
Activiteiten
Als kinderen groter worden, groeit ook de wereld om hen heen. De peuteropvang It Skarrelspultsje is een avontuurlijke plek, gericht op de ontwikkeling van kinderen. Het is vooral een gezellige plaats om andere kinderen en volwassenen te ontmoeten. Je kind leert er sociale vaardigheden zoals; voor zichzelf opkomen, speelgoed delen, op je beurt wachten en samenspelen. De kinderen spelen een groot deel van de dag buiten en ontdekken de natuur om zich heen, bewegen en beleven staat centraal! In het voorjaar hebben we een moestuin, en af en toe komt er een gezellig huisdier langs waar we met z’n allen voor zorgen: één groot feest voor de kinderen!
Ons team bestaat uit enthousiaste en ervaren pedagogisch medewerkers die ervoor zorgen dat elk kind zich thuis voelt. Elke dag zetten zij zich met liefde in om een vertrouwde omgeving te creëren, zodat elk kind met veel plezier naar de opvang gaat.
Aktiviteiten
As bern âlder wurde, wreidet de wrâld om har hinne ek út. De pjutteboartersplak It Skarrelspultsje is in aventoerlik plak rjochte op ‘e ûntwikkeling fan bern. Boppe alles is it in gastfrije plak om oare bern en folwoeksenen te moetsjen. Jo bern leart dêr sosjale feardigens lykas foar himsels opkomme, boartersguod diele, op syn beurt wachtsje en tegearre boartsje. De bern boartsje in grut part fan ‘e dei bûten en ûntdekke de natoer om har hinne; beweging en belibjen steane sintraal! Yn ‘e maitiid hawwe wy in grientetún, en sa no en dan komt der in freonlik húsdier del dêr’t wy allegear foar soargje: ien grut feest foar de bern!
Us team bestiet út entûsjaste en betûfte berne-opfangmeiwurkers dy’t derfoar soargje dat elk bern him thús fielt. Elke dei sette se har mei leafde yn foar it kreëarjen fan in fertroude omjouwing, sadat elk bern mei wille nei de berne-opfang komt.
